Ik-hou-van-Holland-partij 2013

Prachtich waar, fleurige keats(t)ers en in prachtige arena wienen de perfekte ingrediënten foar in moaie keatsdei. Wat letter as healwei tsienen waarden de earste ballen nei it perk ta brocht. Dit keer dienen der ek wat KNKB toppers mei. Moai om te sjen dat sy it nivo fan de oaren optille nei in heger level.

By de kabouters wienen der 5 keatsers. Sy lotten 3e kear nije maten en fjochten mei it begjinnersspul om de krânse. De twadde priis wie úteinlik foar Tjitte Reitsma. Rikst Mulder moast it tsjin 4 mannen opnimme. Yn dit manne geweld bluiwn Rikst fier oerein en oan it ein de keatsdei mocht sy de krânse mei nei de Grêft nimme. In spannende keatserij wie it ek by de pupillen. De opjefte hie net oer mar derom wie it net minder spannend. Hjir wie eltsenien in kear bij elkoar en derom moast ek eltsenien tsjin elkoar. Mei rjocht koenen de priiswinners harren dan ek de bêsten fan de dei nimme. De twadde priis wie foar ús lid om útens Nick Visser. Hij helle oer 3 partijen yn totaal 16 earsten. Hendrik Wiedijk mocht oan it ein fan de dei de konifearen yn syn nekke kriebeljen fiele. Hij wie mei 3 winst partijen de dúdelike winnaar. Lokwinske! Op papier en yn it echt sit noch wolris in ferskil. Dat is ek it moaie fan keatsen. Yn in poule fan 4 striden acht keatsers om de ear. Fansels wienen der grutte nivo ferskillen mar goed om te sjen dat de bêsten de minder goeien mei lutsen yn harren keatserij. Oer de hiele dei net in raar wurd heart. Komplimenten !! Jelle Terpstra en Jari Visser hienen beide partijen wûn. Dit selde hienen Rutger Fopma en Jeen Arendz ek dien. De lêste partij moast de beslissing bringe. Rutger en Jeen lutsen oan it langste ein en wûnen dermei de ik-houd-van-holland-partij 2013. By de kabouters stiene d’r 5 bern op de list. Dat is dreech lotsjen dus waard it ien petoer fan 2 en ien petoer fan 3. Mar dat 3 net altiid in foardiel is makken Tjitte Reitsma en Rikst Mulder al direkt yn de earst omloop dúdlik, hja wûnen mei 5 om ’e 3 en 6/6 fan Andries Geertsma, Rudmer Hedderma en Hidde Wiersma. Yn de twadde omloop wiene Andries en Hidde tegearre, Hidde wist fanôf it begjin al dat se dit ferlieze soenen en liet gelyk de kop hingje. Jammer, want se keatsten best en mei in flinke útslach fan Andries en opslachfouten fan de tsjinstanders diene se goed mei. Uteinlik krige Hidde dochs gelyk en ferlearen hja mei 5-3 en 6-6 fan Tjitte, Rudmer en Rikst. Yn de lêste omloop wiene Rikst, Hidde en Rudmer krekt te sterk foar Tjitte en Andries ( 5-4 6/2) en dermei wie dudlik wa dat d’r wûn hie. Rikst Mulder hie as ienige 3x wûn en krige dermei de krânse. Om de twadde priis wie it wol spannender, Rudmer Heddema hie 17 earsten, mar Tjitte Reitsma hie krekt ien mear en krige mei 18 earsten de twadde priis. Derneist hiene wy ek noch in priis foar wa it best ferklaaid wie. De jury hat besletten dat Rikst it meast yn it tema paste en sy gie mei noch in priiske nei hûs! Al mei al in tige slage dei. Wy hoopje jim wer te begroetsjen mei jim âlders, pakes, beppes, omkes en mouikes op de ouder – kind partij op snein 8 september. Jelle Anema en Nynke Wiedijk-Gierman

Geplaatst op 30 August 2013